It Frysk Akademyfûns

It fermogen fan it Frysk Akademyfûns wurdt oan wittenskiplik ûndersyk bestege, of oan oare troch it bestjoer goedkarde doelen, foar safier dizze oerienkomme mei de doelen fan it Frysk Akademyfûns.

Behear legaten Fryske Akademy

It behear fan ûndersteande legaten, út neilittenskippen oan de Fryske Akademy, leit ek yn hannen fan it Frysk Akademyfûns. 

It Jacob Krol Fûns, it Pot-Cuperus Fonds, it Mr. F.A. Gerbens Fonds, it S.H. Sieperda Fûns en it A.W.Verdelman Fonds.

Ut namme fan boppe neamde fûnsen wurde regelmjittich tasizzingen dien foar bydragen oan publikaasjes fan útjeften.

Sawol privee persoanen as organisaasjes kinne in berop dwaan op finansjele stipe fan ien fan de fûnsen.

Yn maaie en oktober wurde de oanfragen behannele troch it bestjoer fan it Frysk Akademyfûns. Oanfragen kinne úterlik oant 15 april of 15 septimber yntsjinne wurde.