De hear A.W. Verdelman is berne op 14 jannewaris 1939 yn Den Haach en ferstoarn op 19 oktober 2020 yn Zoetermeer. De hear Verdelman hat it Frysk Akademyfûns in legaat ta grutte fan €25.000 neilitten. 

Fonology fan it Frysk

De legataris hat dit bedrach spesifyk ornearre foar ûndersyk nei de fonology fan it Frysk.

Behear fan it fûns

It behear fan it fûns leit yn hannen fan de Stichting Frysk Akademyfûns. Oan dit fûns binne gjin betingsten foar ynstânhâlding ferbûn.