Yn 1963 is it Pot-Cuperus fûns ûntstien, nei it ferstjerren fan frou Pot-Cuperus. 

Fryske útjeften foar jongerein

De fûnsopbringsten fan de neilittenskip fan frou Pot-Cuperus binne bestimd foar finansjele stipe foar de útjefte fan Fryske en yn it Frysk oersette boeken foar (skoalgeande) jongerein. 

   

Behear fan it fûns

Sûnt 1 jannewaris 1987 leit it behear fan it Pot-Cuperus Fonds yn hannen fan de Stifting Frysk Akademyfûns.  

Neffens de neikommende bepalingen wurde de jilden beheard:

  • de haadsom moat as in separaat fûns registrearre wurde;
  • de fûnsopbringsten moatte bestege wurde oan de útjefte fan Fryske en yn it Frysk oersette boeken foar de skoalgeande jongerein en foar de jongerein.

Op 28 febrewaris 1985 is besletten de haadsom fan it Pot-Cuperus Fûns jierliks te supplearjen mei in ynflaasjekorreksje.