Sawol privee persoanen as organisaasjes kinne in berop dwaan op finansjele stipe fan ien fan de fûnsen.

Yn maaie en oktober wurde de oanfragen behannele troch it bestjoer fan it Frysk Akadmyfûns. Oanfragen kinne oant úterlik 15 april of 15 septimber yntsjinne wurde. 

Under it kopke PROSEDUERE stiet ynformaasje oer de betingsten. 

It yntsjinjen fan in oanfraach foar finansjele stipe kin allinnich digitaal, fia e-mail nei  faf@fryskakademyfuns.nl.

De oanfraach kin rjochte wurde oan:

Stichting Frysk Akademyfûns

Doelestrjitte 8

8911 DX Ljouwert

Gegevens oanfreger:

Bedriuw/organisaasje

  • Namme bedriuw of organisaasje;
  • kontaktpersoan;
  • adres, postkoade, wenplak;
  • telefoannûmer en e-mailadres;
  • bankrekkennûmer.

Privee persoan

  • Namme; 
  • adres, postkoade, wenplak; 
  • telefoannûmer en e-mailadres; 
  • bankrekkennûmer.
Wat stjoere jo mei?
  • Omskriuwing fan it doel fan de oanfraach;
  • in slutende eksploitaasje begrutting dêr ’t út bliken docht hokker oare fûnsen oanskreaun binne; 
  • in dúdlik en realistysk tiidspaad foar de realisaasje fan it beëage doel;

Oanfragen foar stipe wurde allinnich yn behanneling nommen as oan alle betingsten foldien is.