Mr. F.A. Gerbens hat yn 1947 in startbedrach fan hfl. 2.500 neilitten oan de Fryske Akademy. Yn de jierren 40 waard dat bedrach oanfolle mei ekstra stoartings fan hfl. 200. 

Frysktalige ûndersiken

De fûnsopbringsten binne bestimd foar finansjele stipe oan Frysktalige ûndersiken. 

Behear fan it fûns

Op 1 jannewaris 1987 hat Stifting Frysk Akademyfûns it behear fan dit fûns oernaam fan de Fryske Akademy. De jilden wurde beheard neffens neikommende bepalingen:

  • de haadsom moat as in separaat fûns registrearre wurde;
  • it saldo fan de neilittenskip moat yn stân holden wurde, en mei op in net spekulative wize rintedragend makke wurde;
  • it oangroeide rintebedrach moat bestege wurde oan Frysktalige ûndersiken.

Op 28 febrewaris 1985 is besletten de haadsom fan it Mr. F.A. Gerbens Fonds jierliks te supplearjen mei in ynflaasjekorreksje.