De hear S.H. Sieperda is berne op 16 jannewaris 1918 yn Assen. Nei syn ferstjerren op 30 jannewaris 2008 yn Den Haach, hat Sieperda in part fan syn fermogen neilitten oan it Frysk Akademyfûns. 

Gjin betingsten

Oant ein 2022 wiene de opbringsten fan it fûns bestimd foar de finansiering fan promovendy by de Stichting Fryske Akademy. Sûnt jannewaris 2023 is dizze beheining skrast. Der binne gjin bestingsten mear ferbûn oan de besteging fan it bedrach, foar safier dizze oerienkomme mei de doelen fan it Frysk Akademyfûns. 

Behear fan it fûns
  • Oan dit fûns binne gjin betingsten foar ynstânhâlding ferbûn;
  • ek oer de besteging fan it bedrach binne gjin betingsten ferbûn, foar safier dizze oerienkomme mei de doelen fan it Frysk Akademyfûns.
  • yn 2008 hat it bestjoer fan it Frysk Akademyfûns de jilden bestimpele as in fûns werfan út de opbringsten promovendi by de de stichting Fryske Akademy mei finansearre wurde koene. Yn de bestjoersgearkomste fan 11 jannewaris 2023 hat it folsleine bestjoer unanym besletten om de eardere sels opleine beheining te skrassen. Om de erflater rjocht te dwaan bliuwt it fûns registearre ûnder de namme Sieperdafûns.