Dizze webside wurdt beheard troch it Frysk Akademyfûns. 

Kontakt gegevens: 

Doelestrjitte 8, 8911 DX Ljouwert 

Tel: 058 -2131414 

E-mail: faf@fryskakademyfuns.nl 

De sekretaris is út namme fan it bestjoer ferantwurdlik foar de privacy oangelegenheden fan it Frysk Akademyfûns. Hy is te berikken fia faf@fryskakademyfuns.nl 

Ferwurkjen persoansgegevens 

It Frysk Akademyfûns ferwurket jo persoansgegevens omdat jo in fersyk om finansjele stipe by ús yntsjinje of yntsjinne hawwe. De persoansgegevens dy ’t wy ferwurkje binne: 

Foar – en efternamme 

Adresgegevens 

Telefoannûmer 

E-mailadres 

Bankrekeningnûmer 

Wêrom ’t it Frysk Akademyfûns persoansgegevens nedich hat 

It Frysk Akademyfûns ferwurket jo persoansgegevens foar it beoardieljen fan jo fersyk om finansjele stipe en it ynhâldlike en finansjeel ôfhanneljen dêrfan. Ek kin it Frysk Akademyfûns de gegevens brûke om jo te mailen en te beljen as dat nedich is om ús wurksumheden útfiere te kinnen. 

Hoe lang it Frysk Akademyfûns gegevens bewarret 

It Frysk Akademyfûns bewarret jo gegevens net langer as strikt nedich is om de doelen te realisearjen dêr’t jo gegevens foar sammele wurde. Fan de honorearre oanfragen bewarje wy altyd de gegevens fan it ynfolle oanfraachformulier en de takeningsbrief. Alle oare dokuminten en gegevens wurde uterlik 10 jier nei it yntsjinjen fan de oanfraach ferneatige. 

Fan de ôfwiisde oanfragen bewarje wy altyd de gegevens fan it ynfolle oanfraachformulier en de ôfwizingsbrief. De oare dokuminten en gegevens wurde uterlik 1 jier nei it yntsjinjen fan de oanfraach ferneatige. 

Diele fan persoansgegevens mei tredden 

It Frysk Akademyfûns jout allinnich mar persoansgegevens oan tredden as dat nedich is foar de útfiering fan in oerienkomst mei jo of om te foldwaan oan in wetlike ferplichting. 

Cookies, of ferlykbere techniken dy ‘t it Frysk Akademyfûns brûkt 

It Frysk Akademyfûns makket gjin gebrûk fan cookies of ferlykbere techniken. 

Gegevens ynsjen, oanpasse of fuorthelje 

Jo hawwe it rjocht om jo persoansgegevens yn te sjen, te korrizjearjen of fuort te heljen. Jo kinne in fersyk ta besjen, korreksje of ferwidering stjoere nei it Frysk Akademyfûns, dy sil sa gau as mooglik, mar binnen fjouwer wike op jo fersyk reagearje. 

Befeiliging 

It Frysk Akademyfûns nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en nimt passende maatregels om misbrûk, ferlies, ûnfoechhawwende tagong, net-winske iepenbiermakking en ûntastiene wiziging tsjin te gean. As jo de yndruk hawwe dat jo gegevens net goed befeilige binne of der oanwizingen binne fan misbrûk, nim dan kontakt op mei it Frysk Akademyfûns fia faf@fryskakademyfuns.nl.