Fûnsen

Yn ’t ferline hat de Stifting Fryske Akademy meardere legaten ûntfongen. It behear fan dizze legaten leit by de Stichting Frysk Akademyfûns. 

Oan it S.H. Sieperda Fûns en it A.W. Verdelman Fonds binne gjin spesifike betingsten ferbûn. De middels fan dizze fûnsen binne opnommen yn it eigen fermogen fan it FAF.

Bestemmingsfûnsen

By trije legaten is bepaald dat it bedrach fan de neilittenskip yn stân hâlden wurde moat. Hjirfoar binne trije ferskillende bestimmingsfûnsen foarme; it Jacob Krol Fûns, it Pot-Cuperus Fonds en it Mr. F.A. Gerbens Fonds

It saldo fan de jierlikse opbringsten fan dizze fûnsen moat oan in spesifyk doel bestege wurde. It doel fan oanfrege projekten moat passe binne de bestimming dy’t troch de legataris fêststeld is. Mear ynformaasje stiet op de siden fan de fûnsen. 

Jierliks wurde dizze bestimmingsfûnsen yndeksearre mei in bedrach berekkene op basis fan it gesinskonsumpsje-yndekssifer. It oangroeide rintebedrach komt yn in bestimmingsreserve. Dizze bestimmingsreserve is it maksimum bedrach dat per fûns tasein wurde kin.