It Frysk Akademyfûns is in ‘Algemeen Nut Beogende Instelling’. Dit hâldt yn dat giften oan it Frysk Akademyfûns ôftrekber binne fan it belestber ynkommen.

Lju dy’t it Frysk en Frysk wittenskiplik ûndersyk nei oan it hert lizze, kinne de stifting op ûnderskate manieren betinke, mei û.o.

  • jeften mei de mooglikheid om ûnder betingsten jild fan it ynkommen ôf te lûken foar de ynkomstebelesting;
  • periodike útkearings yn in tiidrek fan fiif jier of mear mei de mooglikheid om – nei it notarieel fêstlizzen dêrfan – sûnder drompel en sûnder maksimum jild fan it ynkommen ôf te lûken foar de ynkomstebelesting;
  • skinkings mei de mooglikheid om neffens it skinkingsrjocht yn de beneaming te kommen foar òf drompelfrijstelling (ienris yn de 24 moannen), òf in leger taryf;
  • legaten en erfstellings mei de mooglikheid om neffens it súksesjerjocht yn de beneaming te kommen foar òf drompelfrijstelling òf in leger taryf.

Wa’t oer de ûnderskate mooglikheden mear en aktuele ynformaasje hawwe wol, kin kontakt opnimme mei it sekretariaat fan de stifting: faf@fryskakademyfuns.nl

Bankrekkennûmer: NL16RABO0130677779 – Stichting Frysk Akademyfûns