Yn maaie en oktober wurde de ynstjoerde oanfragen behannele troch it bestjoer fan it Frysk Akadmyfûns. 

It bestjoer fan it Frysk Akademyfûns beoardielet de ynstjoerde oanfragen op basis fan de betingsten foar tawizing dy’t steld binne troch de ûnderskate fûnsen. 

Ynstjoere fan in oanfraach kin oant 15 april en 15 septimber. 

Oanfragen foar stipe wurde allinne troch it FAF- bestjoer yn behanneling nommen as de folgjende punten dúdlik oanjûn binne:

  • Omskriuwing fan it doel fan de oanfraach; 
  • in slútende eksploitaasje begrutting wêr’t út blykt wat foar oare fûnsen oanskreaun binne;
  • in dúdlik en realistyk tiidspaad foar de realisaasje fan it beeage doel;
  • Stichting Frysk Akademyfûns of ien fan de bestimmingsfûnsen sil as subsydzjejouwer neamd wurde yn de publikaasje.

Taseine bedragen foar publikaasjes kinne pas nei de útjefte, wannear oan de stelde betingsten foldien is, opfrege wurde.

Tasizzingen hawwe in úterste datum. By oerskrieding komt de tasizzing te ferfallen.

Oanfragen kinne sawol troch de Fryske Akademy as troch oare organisaasjes of prive persoanen ynstjinne wurde. 

Oanfragen dy’t betrekking hawwe op de folgjende bestimmingsfûnsen wer’t it FAF it behear oer hat – it Jakob Krol Fûns, it Pot-Cuperus Fûns en it Gerbensfûns – kinne takend wurde as de bestimming yn oerienstimming is mei de betingsten dy’t foar it fûns jilde.

Oanfragen foar bydragen fanút de fûnsen Verdelman, Sieperda  of de algemiene middelen wurde allinne mar takend as it doel wer foar it takend wurdt yn ‘e line leit mei it ûndersyksprogramma fan de Fryske Akademy. By twifel hjir oer kin advys frege wurde oan de direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en/of oare saakkundigen.