De Stichting Frysk Akademyfûns is op 19 july 1968 oprjochte om jild byinoar te bringen mei as doel Frysk wittenskiplik wurk yn de breedste sin te stimulearjen. By de oprjochting hawwe de fjouwer oprjochters elk 25 gûne stoart, omrekkene is dit € 45,–. It fermogen fan de stichting is sûnt dy tiid groeid troch skinkingen, erfstellingen en legaten en oare ynkomsten en baten. 

De ynkomsten wiene yn haadsaak rjochte op stipe fan de Stichting Fryske Akademy en bepale dêrmei dus ek de haaddoelstelling fan it fûns.

As doelstelling is yn de statuten formulearre: it befoarderjen fan en aktivearjen ta Frysk wittenskiplik wurk yn de wiidste betsjutting

It Frysk Akademyfûns stiet as rjochtspersoan los fan de stichting Fryske Akademy

It Frysk Akademyfûns

It fermogen fan it Frysk Akademyfûns kin oan wittenskiplik ûndersyk bestege wurde, of oan oare troch it bestjoer goedkarde doelen, foar safier dizze oerienkommen mei de doelen fan it Frysk Akademyfûns.

Mear ynformaasje:

Beliedsplan Stichting Frysk Akademyfûns 2023-2027

Jierrekken 2022 Stichting Frysk Akademyfûns

Behear legaten Fryske Akademy

It behear fan ûndersteande legaten, út neilittenskippen oan de Fryske Akademy, leit ek yn hannen fan it Frysk Akademyfûns. 

Ut namme fan dy fûnsen wurde regelmjittich tasizzingen dien foar bydragen oan publikaasjes fan útjeften.

It Frysk Akademyfûns hat de ANBI status